Lemmer 2 wie in geweldich spannende finale tusken de nûmers 1 en 2 fan it klassemint, Jelle Talsma en Delmer Los. Dat wie foaroan yn it wedstriidfjild. Eltsenien wit hoe't dat ôfrûn is: Jelle Talsma, debutant yn de grutte A, is kampioen wurden. Mar achteryn barde ek in soad.

ifFoar de eagen fan it publyk fûn in oanfarring plak by it farren om 'e tonne by it strân. It like oft Geale te betiid draaide en dat dêrtroch twa oare skippen yn de knipe kamen by de tonne. Earst krige Eastermar de Singelier tsjin de kop en dêrnei raamde Siete Meter yn de stjoerboardwarring fan it Eastermarder skip. Gefolch: in protest fan Siete Meter tsjin Geale Tadema en oarsom. De protestkommisje hat der tiden mei dwaande west mar de útslach is dat it protest fan Siete Meter tsjin Eastermar ôfwiisd is en it protest fan Geale Tadema tsjin Siete Meter erkend. Lykwols wie de sitewaasje sa yngewikkeld dat de kommisje besluten hat dat it Siete Meter gjin punten kostet. Foar de fersekering is it wol wichtich dat Tadema it protest tawiisd krigen hat, want der is wol wat skea oan it skûtsje. It doarp Eastermar waard en bliuwt hjoed 13e en is, fansels spitich, als lêste einige yn it algemien klassemint.

oanfarringsitewaasje2

oanfarringsitewaasje3
De oanfarringsitewaasje by de tonne foar it strân

De 'Nieuwe Zorg' fan André Wiersma (Aldegea) mei oan board it Eastermarder bemanningslid Eit Jonkman is 7e wurden yn it klassemint fan de lytse A-klasse.

Snein komt it doarp Eastermar wer thús (± 15.30/16.00 oere) en wy hoopje dat in soad minsken skip en bemanning op de Komerk opwachtsje sille. Mei harren grutte ynset dizze wike is dat blyk fan wurdearring wis en wrachtich fertsjinne. Ek al betsjut it resultaat wol  dat wy it kommende jier wer betiid fan 't bêd moatte om de wedstriden fan de B-klasse te besjen...

Lêste wedstryd foar dizze skoateman
It wie hjoed de lêste wedstriid foar skoateman Oebele Brouwer, hy hat oanjûn dat er ophâlde sil

Mear foto's fan dizze dei >>

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: