De earste IFKS-wedstriid by Hylpen hie foar ‘it doarp Eastermar’ in achtste plak yn ‘e A-klasse as resultaat. Fan ‘e 16 dielnimmende skûtsjes einige ús skûtsje dus yn ‘e boppeste helte, ofwol ‘it linker rychje’. In klassearring dy’t moed jout foar de wedstriden fan kommende wike.

Nei’t de earste start ôfblaasd waard fanwege in gaotysk massaal te betiid passearen fan ‘e startline troch in grut tal skûtsjes, hong de wedstriidlieding de ‘rottesturt’ út (= útstel fan ‘e start foar ûnbepaalde tiid). De twadde start wie goed. Fuort dêrnei brocht skipper Geale Tadema mei syn bemanning it skip op in achtste plak by de boppeste tonne. Radioferslachjouwer Klaas Jansma miende dat ‘it doarp Eastermar’ yn dy earste rûte ien fan ‘e tonnen rekke, dat wie grutte ûnsin, mar foar de wissichheid rôp skipper Geale Tadema de help yn fan Jelle Talsma (skipper fan ‘e Poep/Jonge Jan) om as tsjûge fan syn krekte reglemintêre farren op te treden. De twadde trochkomst lâns de boppeste tonne koe sadwaande sûnder mankearen útfierd wurde en ek noch op in sânde plak.

Achterôf die bliken dat dit de bêste trochkomst fan dizze silerij wie, want ús doarpsskûtsje bleau moai yn ‘e midden fan it dielnimmersfjild.

By de finish wie der by de bemanning wat betizing oer de einklassearring - 8e of dochs 9e - mar op de dyk by Hylpen en op it folchskip ‘De Gulden Belofte’ wie dúdlik te sjen dat Geale it skûtsje nei in achtste plak syld hie. In resultaat dat troch alle oanwêzige Eastermarders mei jûchhei-gerop en hantsjeklappen beleanne waard. Sa’n resultaat fertsjinnet namste mear wurdearring omdat de bemanning deryn slagge is om renommearre silers (skûtsjes) lykas Michiel Kalsbeek (Raerder Roek), Tony Brundel (Lytse Lies) en Henk Regts (Ut en Thús) achter har te litten. Optimisten oan board fan ‘De Gulden Belofte’ rôpen al dat dit achtste plak grif brûkt wurde kin om as ‘minste wedstriid’ fan it einresultaat ôf te lûken…

Snein (14/8) wurdt der net syld en kin de bemanning mei oanhang bekomme fan ‘e (yn)spanningen. Fanwege de minne waarsferwachting miskien yn ‘e foarm fan in piamadei yn ‘Rêstoarde De Gulden Belofte’?

De folgjende wedstriid is moandei by Starum op ‘e Iselmar, start om 14.10 oere.

Sjoch hjir foar de útslach fan it skûtsjesilen by Hylpen.

logo_IFKS

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: