De striid is losbarst. Hjoed (saterdei) is by Hylpen de earste wedstriid mei ús doarpsskûtsje fersyld. Yn 't koart efkes in 'newsflash':

Te gau fuort by de start. Dêrtroch de tonne rekke en foar straf in rûntsje ekstra. As 17e oer de startline dus... Doe efkes as de brânwacht nei in 9e plakje nei ien rûntsje; even opskeakelje en nei noch in rûntsje in 8e plakje; goed sykhelje foar noch in bytsje mear: 7e plakje nei wer in rûntsje. En last but not least: finishe as 6e ! Dat belooft wat. Winner is wurden: De Jonge Jasper fan Frjentsjer. Sjoch hjir foar de stân en it fierdere programma.

ABA_8506

ABA_8502

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: