It ôfrûne wykein waard it skûtsjesylseizoen by Langwar iepene. Foar de silerij dêre hiene rom 40 skippers har ynskreaun, wêrûnder Geale Tadema. Saterdei fersylden de skippen twa wedstriden om te bepalen wa’t de sneins yn ‘e A-groep (rapsten) of B-groep (leger klassearden) starte mochten.

Us doarpsskûtsje besylde yn ‘e beide kwalifikaasjewedstriden fan saterdei in 5e en in 12e plak. Mei dy resultaten koe der sneins start wurde yn ‘e A-groep.
Yn dizze finalewedstriid begûn Geale Tadema mei syn bemanning prima en hja sylden hast alle rûtes op in 2e plak. Yn it lêste rak wie lykwols ‘Lytse Lys’ fan Tony Brundel krekt wat rapper en sa einige ‘it doarp Eastermar’ as tredde yn in fjild fan 22 skippen.

Yn it totaalklassemint fan de Langwarder silerij oer twa dagen waard ‘Jonge Jan’  (Jelle Talsma) earste en wie der yn ‘e einklassearring in 7e posysje foar ‘it doarp Eastermar’.

Langwar11

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: