De toeriste-ynformaasjepost is ferhuze en is no te finen by Hamstra's Groenten & Fruit oan de E.M. Beimastrjitte 53.
Nei 10 jier lang de folderpost yn behear hân te hawwen, hat de famylje Tjoelker oan it bestjoer witte litten dat sy graach it stokje oerjaan wol. De feriening foar Toeriste-ynformaasje Eastermar (TIP) hat doe om har hinne sjoen en besluten dat Jannes Hamstra de perfekte opfolger is.
Jannes hat de útdaging oannommen en in plakje foar de toeristen yn syn winkel ynromme. Op 1 april hat de offisjele oerdracht plakfûn. Foarsitter Fokke Benedictus lit witte dat it bestjoer tige grutsk is op de nije folderpost. Boukje Tjoelker ûntbleate in nij boerd, dat makke is troch Nynke de Jong fan TIP en dat yn de etalaazje fan Jannes Hamstra hinget.
Fansels winske frou Tjoelker opfolger Jannes Hamstra in protte súkses en wiene der lokwinsken en blommen fan de OVE, it bestjoer fan TIP en de Greideroas.
In fierder ferslach fan de oerdracht sil te lêzen wêze yn de BREEDút fan april.
{jomcomment}
-
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Gerbrich & It Grutte Guod t.b.v. World Servants
Op donderdag 4 april treden Gerbrich & It Grutte Guod op met hun programma Trav'lin in the footsteps... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 31 augustus 2021
Uitnodiging algemene ledenvergadering TIP
UITNODIGING aan alle toeristisch ondernemers in Eastermar voor een bijeenkomst, aansluitend aan de k... Fierder lêze »