Yn novimber 2018 is der in nij TIP (Toeristen InformatiePunt)-Eastermarbestjoer ynstallearre. Dit nije bestjoer hat doe in oprop dien oan de Eastermarders om mei frisse ideeën te kommen om Eastermar as toeristysk doarp te promoatsjen. Dêr binne in tal ideeën ynkommen dêr’t it bestjoer mei oan de slach wol. In inisjatyf dêr’t men fuortendaliks entûsiast op reagearre is it idee om de toeristen (boatsjeminsken, camperswalkers, kampearders, groepsakkomodaasjeferbliuwers, B&B-gasten, fytsers, kuierders) in wat mear persoanlik wolkom ta te roppen. Der moat in fysyk, tagonklik plak komme dêr’t minsken fan bûten, mar ek Eastermarders, terjochte kinne foar in praatsje, folders en tips.
Fansels lient it Komerkgebouke him prima foar dit doel en yn oerlis mei it Komerkbestjoer kinne de lûken fan dit gebouke simmers iepen!

TIP-ToKo

Hoesa in TipToko?

It doel is om ús gasten in persoanlik wolkom te jaan sadat Eastermar him op dizze wize as gastfrij en gastfreonlik doarp sjen litte kin. Dit yn de hoop dat foar de toerist in ferbliuw yn ús fermidden in protte foldwaning opsmite sil, dat er wat langer bliuwe wol as earst it doel wie of noch in kear weromkomt. De middenstân profitearret der dan ek fan. It moaiste is wannear't dizze toeristen Eambassadeurs wurde fan ús doarp en trochfertelle hoe aardich't it ferbliuw yn Eastermar wêze kin.

De wurkgroep, dy’t hjir mei úteinsette wol, tinkt dat de krêft fan it idee is, dat wat tagonkliker en persoanliker it foar de toerist is, wat spesifiker men yngean kin op dy syn winsken. Troch in praatsje komst der achter wat men krekt siket of hopet oan te treffen. En sa kin men dizze toerist goeie tips jaan of yn kontakt bringe mei minsken dy’t wat aardichs oan te bieden hawwe. Dingen dêr’t de toerist sels net opkaam wie.
De wurkgroep wol bygelyks it idee fan Leen een Fries adoptearje en Leen een Eastermarder yntrodusearje.

Hoe sjocht de TipToko der út?

In wurkgroep fan TIP sil hjirmei oan ‘e slach. It doel is om yn de moannen juny, july en augustus alle middeis de TipToko iepen te hawwen en de flagge út te stekken. De toerist kin frijbliuwend deryn rinne en wat omsneupe yn de folders, flyers en boeken oer Eastermar en omkriten. Der komt in boeke-omruilkastke, der lizze kuier- en fytsrûtes klear. Dingen op in kompjûter opsykje kin ek. De TipToppers (in bettere namme moat noch betocht wurde) binne fansels op ‘e hichte fan de eveneminten yn en om it doarp. Unyk wurdt in kastke of standaard mei kaarten op ansichtkaartformaat. Op elke kaart stiet in idee om te ûndernimmen. Dit fariëarret fan in flústersloep hiere oant in kear op in pleats sjen hoe’t it der by it melken om en ta giet. Fansels hoopje wy ek dat de Dam Jaarsma-gidsen ree binne om mei te wurkjen. Mar ’t meast wichtige liket ús it praatsje. 
Wannear't wy in juny úteinsette is alles noch net TipTop op oarder mar hoopje wy al in hiel ein te wêzen.

IMG 3613

Oprop foar TipToppers

Der binne op dit stuit al twa keppels dy’t it aardich liket om de toeristen te helpen it ferbliuw sa oangenaam mooglik te meitsjen. Mar it soe moai wêze as dêr guon bykomme dy’t ree binne om bygelyks in middei yn ‘e wike de rol fan gasthear of gastfrou te spyljen. Dizze rol kinne jo allinnich dwaan of as keppel. Liket it jo wat ta, dan is in mailtsje nei tiptoko.eastermar@gmail.com genôch. Jo kinne evt. fuortendaliks oanslute en meitinke oer de fierdere ynfolling. Of oars yn juny in kear binnenrinne kin ek fansels.

Oprop foar TipDoggers

Hawwe jo de toerist wat te bieden, dan wolle wy dat graach letterlik yn kaart bringe. Dit kin wat kommersjeels wêze tsjin in lytse fergoeding, of fergees. Wa’t it konsept fan Leen een Fries ken, begrypt al wat wy bedoele: in kear mei gasten te kuierjen, in workshop jaan of in samling sjen litte en deroer fertelle, alles is wolkom. Fan alle opsjes meitsje wy in aardige ‘ansichtkaart’ mei alle (kontakt)gegevens. Op dizze wize kin de toerist troch alle kaarten hinneblêdzje en in aktiviteit fine dy’t him of har oansprekt. Net te yngewikkeld tinke, foar guon toeristen is yn ‘e kunde komme mei in local al geweldich om mei te meitsjen. Jo kinne jo oanbod ynfolje fia https://forms.gle/HAHTao7VmkSSBe3d8 , dan binne wy wis dat alle gegevens by ús bekend binne.

Harmke Paulides, Rienk Vlieger, Swaan Postma, Wijbe Postma

logo tip 2018

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: