Al fan 1 juny ll. ôf kinne toeristen, mar ek Eastermarders, by de TipToko terjochte foar fragen oer aktiviteiten, nijsgjirrige saken en bysûndere mominten yn ús doarp. Dat dat oanslacht docht wol bliken út it tal minsken dat it paad nei it havengebou fûn hat. Yn juny totaal 150 persoanen: 100 gasten en 50 doarpsgenoaten.
Dus wie der alle reden om de TipToko no offisjeel te iepenjen.

Dat barde ôfrûne woansdeitemiddei. Haadpersoan yn dit ‘Tokobarren’ wie wethâlder Gelbrig Hoekstra. Omdat hja Toerisme en Rekreaasje yn har wurkpakket hat, wie sy foar de offisjele iepeningshanneling frege. Dat waard noch in nuodlik ûndernimmen, want it troch it TIP Eastermar Promoasje-bestjoer kreas fersierde trepke wie te leech om de ‘Tourist Info’-flagge goed yn ‘e hâlder te krijen. Mar… Halbe de Vries – Komerkbehearder – stelde in gruttere Komerk-trep beskikber en sa koe it oangean.

Wat letter op ‘e middei ûntfong TIP Eastermar-foarsitter Wijbe Postma noch in groep fan sa’n 25 gasten om de iepening te fieren. Yn in wolkomstwurd sette hy de ‘Tippers’ efkes ferbaal yn ’t sintsje. Want… sûnder dizze ploech frijwilligers dy’t fan moandei- o/m saterdeimiddeis fan 2 oant 5 it havengebou beminskje wolle, hie dit TipToko-fenomeen nea bestean kinnen. Wichtich hjirby is ek de goede gearwurking mei it bestjoer fan ‘e Stifting De Komerk. De foarsitter dêrfan, Jan Wind, melde dat ek en wie wiis mei dit gehiel want op dizze wize wurde de útgongspunten fan TIP én De Komerk fersterke.

Yn it lochboek dat de Tippers byhâlde stie woansdeitemiddei as slútwurd: “It wie in gesellige middei”. En dat wie it!

IMG 5139 01
Wethâlder Gelbrig Hoekstra ferrjochtet de offisjele iepeningshanneling.

IMG 5131 01
Wethâlder Gelbrig Hoekstra mei Wijbe Postma, foarsitter TIP Eastermar Promoasje

IMG 5156 01
 In gesellige middei

IMG 5163 01
Jan Wind, foarsitter fan St. de Komerk, ferwideret de flagge nei in earste offisjele TipTokodei.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: